De Psalmen
It Earste Boek: Psalm1-41
Psalm 1:
De twa wegen
1. Hoe gelokkich is de man
dy’t op ‘e rie fan ‘e ferkearden net yngiet,
op ‘e wei fan ‘e sunders net stean bliuwt,
yn ‘e gearsit fan ‘e spotters gijn sit nimt,
2. mar langst hat nei de wet fan de Heare
en deroer mimert by nacht en by dei.
3. Hy is as in beam, oan wetterstreamen plante,
dy’t syn frucht jout op ‘e tiid,
der it grien net fan ferwylget.
Alles wat er docht, bediit.
4. Sa net de ferkearden, o nee.
Dy binne as tsjef dat op ‘e wyn ferwaait.
5. Derom kinne de verkearden it net halde foar it rjocht,
de sunders net yn e�?runte fan ‘e rjochtfeardigen.
6. Want de Heare stiet noed foar de wei fan ‘e rjochtfeardingen,
mar de wei fan ‘e ferkearden rint dea.
1:1 De earste psalm is de ynlieding op it hiele psalmboek.
1:2 de wet - net allinne de 10 geboaden, mar de hiele iepenbiering fan God, der’t Hy de minske troch under-rjochtet. Men moat it wurdsje ‘wet�?sjen yn it ljocht fan Ps 119.
1:5 ferkearden, rjochfeardingen - Dy tsjinstelling kompt altijd en oeral nei foaren. Rjochtfeardingen binne giin minsken dy’t ut harsels better binne as oaren, mar dy’t oan Gods kant steane. Derom stiet God noed foar har.
(mear kompt nog)